Team Pyter Terpstra Consultancy op nei finaleplak
It earst buordsje gie mei skjinne 6 nei Mantgum. Weidum kaam op earsten gelyk neidat se skjinne fjouwer yn it earst achter stien hienen. Dernei ferdeelden Mantgum en Weidum de folgjende twa buordsjes, 2-2. Fanôf dat moment begûn Mantgum te draaien. Brekpunt yn de partij wie doe’t Mantgum 5 -2 foar stie mar 0-6 efter stie. Mei goed tusken spul en mei in bytsje help fan Weidum waard it buordsje toch noch binnen helle. Weidum die noch in poging om de partij te kanteljen troch de joker dy’t oan de kant stie yn te setten. Mar ek de joker JEA koe de wedstriid net kantelje foar Weidum. Bij in stân fan 9-2 waarden de roeken ut Weidum noch in buordsje gunt. Mar op 9-3 6-6 wie it Anne Gerben Terpstra dy’t syn buordsje halde koe. Op 6-6 wie it Albert T. (ex Weidum) dy’t de bal oer alles hinne sloech. Wannear Mantgum oare wike fan Wiuwert wit te winnen kinne sy har klear halde foar de finales yn Weidum foar promoasje nei de C poule.
Geplaatst op 27 May 2010